- Moeting Gemeentebestjoerders 11 oktober oant en mei sneontemoarn 14 oktober 2006 -
<< Startside

Boeremoeting

Postsegel foar 50 jier

Kongres 2006 yn Leck

Fan woansdeite(nei)middei 11 oktober oant en mei sneontemoarn 14 oktober 2006 hat der wer in Ynterfryske moeting fan gemeentebestjoerders west.

 

Nei de suksesfolle byienkomst yn Ihlow en Westoverledingen yn oktober 2004 hat in tal dielnimmers śt Fryslān, ūnder lieding fan Bearn Bilker de moeting yn Westerlauwersk Fryslān organisearre.

Diz’ kear yn de gemeenten Ljouwert en Littenseradiel.

 

Om it tema fan dizze moeting “WETTER “ wiene lźzings en ekskurzjes. It programma foar de Ynterfryske moeting 2006 fine jo hjirūnder.

 

De twajierlikse Ynterfryske moeting is in inisjatyf fan de Fryske Rie en de Sektion Ost des Interfriesischen Rates. Sy stellen har ta doel om it kontakt tusken maatskiplike organisaasjes en oerheden yn de trije Fryslannen te befoarderjen.

 

 

 

 

Programma Bestjoerdersmoeting 11 oktober o/m 14 oktober ‘06

 

Woansdei 11 oktober.

Oankomst yn Hostel Stayokay, Grou, oant 18.00 oere.

Fan 19.00 oere ōf in mienskiplik miel; folge troch in gesellich byinoarwźzen, mei ū.o. śtlis oer it fierljeppen. 

 

Tongersdei 12 oktober.

Nei it moarnsbrochje, om 8.oere, mei eigen ferfier nei it stasjon fan Grou. Mei de trein nei Ljouwert (sa’n 15 minuten). Te gean nei it Van Hallinstituut, dźr set om 10.00 oere in lźzing śtein oer de nijste techniken oangeande

                                                WETTER

Dźrnei folget in rūnlieding yn it laboratorium .

It moarnsprogramma duorret oant 12.00 oere.

Te gean nei it Provinsjehūs foar it middeisiten.

Wolkom troch de Kommissaris fan ‘e Keninginne drs. E.H.M.T.  Nijpels.

It tema WETTER sil dan ek oan ‘e oarder komme .

Om 14.30 oere ōfskied fan de Provinsje foar in histoaryske stedskuier in trije groepen troch Ljouwert dy’t om 16.30 oere śtkomt yn de Prinsetśn. Nei in sūpke werom mei de trein nei Grou.

Om 19.00 oere in waarm buffet, folge troch in jūnsprogramma fan 20.30 oere ōf.

Boargemaster mr.  R.S. Cazemier fan de gemeente Dongeradiel hāldt in ynlieding oer De Waadsee en boargemaster drs. J. Liemburg fan de gemeente Littenseradiel fertelt i tien en oar oer it tastānkommen fan de histoaryske Middelseerūte.

 

Freed 13 oktober.

Nei it moarnsbrochje om 8.00 oere om 9.00 oere mei de bus fia Skearnegoutum nei Boazum foar in kuier troch it terpdoarp. Ien fan de wichtichste en moaiste Romaanske tsjerkegebouwen fan Fryslān śt de 12e ieu, mei in prachtige fresko fan de burdleaze Kristus, wurdt besocht. Dan kofje yn it doarpskafee Boazumermjitte.

Om 10.45 oere nei Wiuwert. Ea in āld fiskersdoarp oan de rāne fan de eardere Middelsee. In besite wurdt brocht oan de grźfkelder (1609) ūnder de Herfoarme Tsjerke. Dźr lizze 4 ieuwenālde mummys.

Om 12.00 oere is de groep yn it WeidumerHout yn Weidum. De camping/restaurant/hotel is fźstige yn in eardere pleats oan de Swette. Eigner Eddy de Boer jout in rūnlieding troch syn bedriuw en ljochtet it ien en oar neier ta.

Om 12.30 wurdt it middeisiten oanbean troch de gemeente Littenseradiel. Om 14.00 nei it doarp Bears, dźr’t in unike stielen “loftspegeling” fan it eardere Unia-State realisearre is, nei it bedriuw fan Wypke van de Lageweg (14.30 oere).

Wypke is ea mei ien hynder begūn en hat op ’t stuit ien fan de grutste hynstefokbedriuwen fan Europa.

Om 16.00 oere giet de reis nei Wommels, it haadplak fan de gemeente Littenseradiel. Dźr wurdt de middei ōfsletten mei in ūntfangst op it gemeentehūs. De boargemaster jout in presintaasje oer gearwurkingsferbannen mei oare gemeenten. Der is gelegenheid ta diskusje en ta beslśt en sūpke en in hapke.

Mei de bus werom nei Grou (likernōch 18.00 oere). Dźr is om 19.30 oere in waarm buffet, folge troch in gesellich muzikaal programma.

Om en de by 22.00 oere slśt Bearn Bilker it Bestjoerlik Treffen ōf.

 

Sneontemoarn 14 oktober.

Nei it moarnsbrochje reizget elk wer ōf nei hūs.

 

De tariedingskommisje/wurkgroep bestiet śt:

 

Bearn Bilker - Kollumerlān (Fryske Rie), Auke Bijlsma - Boarnsterhim, Germ Gerbrandy - Wymbritseradiel, Piet Vellinga en Coby Visser -Littenseradiel.

 

Opjeften by Auke Bylsma yn Terherne: aukehetty*chelloPUNTnl
(ferfang it * troch in @ en PUNT troch in . )
Graach ek eksakt oanjaan hokfoar ûnderdiel jo meidogge, mei-ite en eventueel bliuwe te sliepen.