- 50 jier Frysk Manifest en in postsegel -
50 jier Frysk Manifest
op in postsegel

<< Startside


Tineke Bergstra, foarsitster fan it FYK,
mei it album tusken pommeranten fan Fryske Rie
en 'Bundesministerium der Finanzen'

In Postsegel

Nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan it Frysk Manifest, is in bysûndere postsegel útkommen. Fanwege de wurdearring foar it wurk fan jongereinorganisaasje FYK, mocht foarsitster Tineke Bergstra in album mei de nije postsegels yn ûntfangst nimme. Yn elts fan de trije Fryslannen wienen in pear minsken útnoege sa'n album oan te nimmen. Út westerlauwersk Fryslân wienen dat njonken foarsitter Roel Kaastra, âld leden fan de Fryske Rie, Piet Hemminga, Jaap van der Bij en Johannes Samplonius.

De útrikking fan de postsegel barde op snein 26 febrewaris 2006 yn Noardfryslân yn Morsum op it eilân Sylt.

Fierdere ynformaasje:
Parseberjocht. Fryske Rie op Dútske postsegel; Word dokumint- 25 kb
Rede Ministerialdirektor Herrn Rainer M. Türmer ; Word dokumint- 43 kb
(De teksten, yn Word2000-formaat, lofts oanklikke en lêze. Of klik rjochts om se yn te laden op jo kompjûter en dêr op te slaan.)

Sekretariaat Ynterfryske Rie:
Jos Popkema

Pater Doesburgloane 2
NL - 9251 PK Burgum
Tillefoan (+31)511-46 27 10