- Treffen Gemeindevertreter 11. Oktober bis Samstagmorgen 14. Oktober 2006 - |
Iepen doarren |
Utnoeging foar gemeentebestjoerders, gemeenteriedsleden en oare belutsenen
of belangstellenden út East- en Noardfryslân en Westerlauwerskfryslân Achte bestjoerders, Fan woansdeite(nei)middei 11 oktober oant en mei sneontemoarn 14 oktober
2006 is der wer in Ynterfryske moeting fan gemeentebestjoerders. Nei de suksesfolle byienkomst yn Ihlow en Westoverledingen yn oktober
2004 is in tal dielnimmers út Fryslân, űnder lieding fan Bearn Bilker, al in
skoft entűsjast dwaande mei it tarieden fan in ‘Treffen’ en no yn Fryslân. Diz’ kear yn de gemeenten Ljouwert en Littenseradiel. De moeting biedt gelegenheid om yn kontakt te kommen mei
kollegabestjoerders út Fryslân. Om it tema fan dizze moeting “WETTER “ binne lęzings en ekskurzjes
fęststeld. It programma foar de Ynterfryske moeting 2006 fine jo hjirűnder. Der wurdt sliept yn Hostel Stayokay , Oer ’t hout , yn Grou. De kosten
foar de trije oernachtings ynklusyf moarnsbrochje en waarm miel sil om en de by
100 euro/pp węze. Dielnemers út Fryslân binne ek fan herten wolkom om oan dizze moeting
diel te nimmen. Sűnder slieperij betelje hja in oanpast bedrach oan
kongreskosten: € 25 foar in dei, €50 foar twa dagen. De twajierlikse Ynterfryske moeting is in inisjatyf fan de Fryske Rie en
de Sektion Ost des Interfriesischen Rates. Sy stellen har ta doel om it kontakt
tusken maatskiplike organisaasjes en oerheden yn de trije Fryslannen te
befoarderjen. Hoe’t jo jo oanmelde kinne, sil fan augustus/septimber ’06 ôf op dit
webstek oanjűn wurde. Programma Bestjoerdersmoeting 11 oktober o/m 14 oktober ‘06 Woansdei 11
oktober. Oankomst yn Hostel Stayokay,
Grou, oant 18.00 oere. Fan 19.00 oere ôf in mienskiplik miel; folge troch in gesellich byinoarwęzen,
mei ű.o. útlis oer it fierljeppen. Tongersdei 12
oktober. Nei it moarnsbrochje, om 8.oere, mei eigen ferfier nei it stasjon fan Grou.
Mei de trein nei Ljouwert (sa’n 15 minuten). Te gean nei it Van Hallinstituut, dęr
set om 10.00 oere in lęzing útein oer de nijste techniken oangeande WETTER Dęrnei folget in rűnlieding yn it laboratorium . It moarnsprogramma duorret oant 12.00 oere. Te gean nei it Provinsjehűs foar it middeisiten. Wolkom troch de Kommissaris fan ‘e Keninginne drs. E.H.M.T. Nijpels. It tema WETTER sil dan ek oan
‘e oarder komme . Om 14.30 oere ôfskied fan de Provinsje foar in histoaryske stedskuier in
trije groepen troch Ljouwert dy’t om 16.30 oere útkomt yn de Prinsetún. Nei in
sűpke werom mei de trein nei Grou. Om 19.00 oere in waarm buffet, folge troch in jűnsprogramma fan 20.30
oere ôf. Boargemaster mr. R.S. Cazemier fan
de gemeente Dongeradiel hâldt in ynlieding oer De Waadsee en boargemaster drs.
J. Liemburg fan de gemeente Littenseradiel fertelt i tien en oar oer it
tastânkommen fan de histoaryske Middelseerűte. Freed 13 oktober. Nei it moarnsbrochje om 8.00 oere om 9.00 oere mei de bus fia
Skearnegoutum nei Boazum foar in kuier troch it terpdoarp. Ien fan de
wichtichste en moaiste Romaanske tsjerkegebouwen fan Fryslân út de 12e
ieu, mei in prachtige fresko fan de burdleaze Kristus, wurdt besocht. Dan kofje
yn it doarpskafee Boazumermjitte. Om 10.45 oere nei Wiuwert. Ea in âld fiskersdoarp oan de râne fan de
eardere Middelsee. In besite wurdt brocht oan de gręfkelder (1609) űnder de
Herfoarme Tsjerke. Dęr lizze 4 ieuwenâlde mummys. Om 12.00 oere is de groep yn it WeidumerHout yn Weidum. De
camping/restaurant/hotel is fęstige yn in eardere pleats oan de Swette. Eigner Eddy
de Boer jout in rűnlieding troch syn bedriuw en ljochtet it ien en oar neier
ta. Om 12.30 wurdt it middeisiten oanbean troch de gemeente Littenseradiel.
Om 14.00 nei it doarp Bears, dęr’t in unike stielen “loftspegeling” fan it
eardere Unia-State realisearre is, nei it bedriuw fan Wypke van de Lageweg
(14.30 oere). Wypke is ea mei ien hynder begűn en hat op ’t stuit ien fan de grutste
hynstefokbedriuwen fan Europa. Om 16.00 oere giet de reis nei Wommels, it haadplak fan de gemeente
Littenseradiel. Dęr wurdt de middei ôfsletten mei in űntfangst op it gemeentehűs.
De boargemaster jout in presintaasje oer gearwurkingsferbannen mei oare
gemeenten. Der is gelegenheid ta diskusje en ta beslút en sűpke en in hapke. Mei de bus werom nei Grou (likernôch 18.00 oere). Dęr is om 19.30 oere
in waarm buffet, folge troch in gesellich muzikaal programma. Om en de by 22.00 oere slút Bearn Bilker it Bestjoerlik Treffen ôf. Sneontemoarn 14
oktober. Nei it moarnsbrochje reizget elk wer ôf nei hűs. De tariedingskommisje/wurkgroep bestiet út: Bearn Bilker - Kollumerlân (Fryske Rie), Auke Bijlsma - Boarnsterhim,
Germ Gerbrandy - Wymbritseradiel, Piet Vellinga en Coby Visser -Littenseradiel. Opjeften by Auke Bylsma yn Terherne: aukehetty*chelloPUNTnl |